Mishanneling op Open Air

10 aug 2008 - 14:38

De plysje hat sneontejûn in man (20) út Bûtenpost oanholden op fertinking fan mishanneling. Hy soe by it Dock'em Open Air festival yn Raard in man (23) út Ljouwert slein ha. De oanlieding is noch net bekend. Hy wie dêrnei yn in auto stapt. Foardat de auto fuortride koe, hold de plysje de fertochte oan.

Hy is ynsletten foar fierder ûndersyk. Letter die ek in frou (21) oanjefte fan mishanneling op it festivalterrein. Dêr is noch gjin fertochte foar oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)