Mishanneling op It Hearrenfean

13 feb 2009 - 11:54

In ynwenner (16) fan Himmelum is tongersdeitejûn troch trije persoanen mishannele op de Ds. Kingwei op It Hearrenfean. It slachtoffer stie by de bushalte en waard troch trije persoanen sa mishannele dat er út de tiid rekke. De jonge is nei it sikehûs brocht.

Troch tsjûgen koe de de plysje de fertochten achterhelje en oanhâlde. It giet om trije ynwenners fan De Jouwer fan 14, 15 en 20 jier. Se binne op it plysjeburo heard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)