Mishanneling nei pleagerij

21 mrt 2009 - 09:04

In kweajongesstreek fan fjouwer jonkjes is freedtemiddei folslein út de hân rûn. De jonges goaiden sân tsjin de ruten fan in ynwenner (39) fan Boarnsterhim. Hy ried de jonges klem en woe dat se syn ruten himmelden.

De jonges diene dat en beanen har ekskuzes oan. Ien jonkje gong fuort en de man achterfolge him nei syn hûs. De mem frege de man wer fuort te gean, mar dy begûn doe te skoppen en te slaan. De plysje hat him oanhâlden foar mishanneling fan de frou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)