Mishanneling nei oanriding

01 des 2005 - 10:10

In 57-jierrige ynwenner fan Balk is tiisdeitejûn op It Hearrenfean mishannele nei in oanriding op de Ds. Kingwei. De Balkster moast remje foar in oerstekkende fuotgonger. De automobilist achter him hie dat te let yn 'e gaten. Gefolch wie in oanriding.

De automobilist stapte dêrnei út, sloech de ynwenner fan Balk en naaide út. De Balkster koe noch wol it kenteken fan de auto opskriuwe en hat dat trochjûn oan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)