Mishanneling mei barbecue-ark

11 maaie 2008 - 15:44

De plysje hat sneontejûn op It Hearrenfean in 45-jierrige man fan It Hearrenfean en in 36-jierrige man út Aldskoat oanholden foar mishanneling. De manlju hiene earder wurden hân en troffen inoar no yn in wenning fan in famyljelid op It Hearrenfean.

De Feanster foel de Aldskoater earst oan mei in mes, en letter mei in barbecuefoarke. De man út Aldskoat ferdigene him mei in stôk en sloech de Feanster dêrmei op de holle. De beide manlju binne oanholden en ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)