Mishanneling by jeugdsintrum

08 apr 2011 - 11:37

De plysje fertinkt fiif manlju fan mishanneling fan in 46-jierrige ynwenner fan Hurdergaryp. Dy soe sneontejûn troch de manlju skopt en slein wêze by in jeugdsintrum yn it doarp. Dêr wie in jongerenfeestje. De fiif manlju mochten der net yn.

De sitewaasje rûn sa út de hân dat in groep heiten fan de jongerein om help frege waard. Ien fan harren, de man út Hurdegaryp, waard dêrby mishannele. Hy moast troch ambulânsepersoniel holpen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)