Mishanneling by Griene Stjer

18 okt 2009 - 14:57

In man (66) út Ychtenbrêge is sneon slim mishannele yn 'e Griene Stjer by Ljouwert. Syn auto waard ek stellen. De man waard oansprutsen troch ien dy't frêge oft er by him yn 'e auto skûlje mocht foar de rein. Der kaam noch in oarenien by en tegearre begûnen se it slachtoffer te slaan. In tredde man kaam der letter ek by.

It slachtoffer koe fuortkomme. De plysje siket tsjûgen. Boppedat wurdt de reade Renault Kangoo fan 'e man socht mei it kenteken 86-VT-NF.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)