Mishanneling fan Ljouwerter

01 okt 2003 - 00:00

In Ljouwerter (40) is tiisdeitenacht mishannele. Hy krige besite fan in bekende dy't spul mei him makke en him yn it gesicht sloech. De bewenner jage him it hûs út. Hy kaam wer werom mei in maat. Mei har beiden sloegen se de Ljouwerter doe op 'e nij yn it gesicht, no mei in stik hout.

It slachtoffer rekke ferwûne oan de holle en is nei it sikehûs brocht. De plysje hat nei de dieders socht, mar net fûn. De saak wurdt ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)