Mishanneling en himpkwekerij yn Drachten

24 maaie 2015 - 11:04

Yn Drachten hat de plysje sneontenacht in 34-jarige man oanhâlden nei't er syn 24-jierrige freondinne yn it gesicht slein hie. Op oanwizing fan de frou trof de plysje yn in garaazje ek noch in himpkwekerij mei 49 planten oan. De elektrisiteit waard yllegaal brûkt. De planten binne ferneatige. De fertochte is yn de sel en sil heard wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)