Mishanneling bussjauffeur

06 maaie 2007 - 12:21

In 21-jierrige man is sneon oanhâlden, omdat er derfan fertocht wurdt dat er yn Bitgummole in bussjauffeur mishannele hat. De fertochte soe de sjauffeur yn 'e nekke pakt hawwe en oan it stjoer lutsen hawwe. Nei alle gedachten woe de man dat de sjauffeur de bus stilsette.

De sjauffeur ferlear de macht oer it stjoer. De bus kaam ta stilstân yn in plantsoen. De fertochte is nei it plysjeburo oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)