Mishanneling Burgumer jonge

18 apr 2010 - 14:33

De plysje ûndersiket de mishanneling fan in Burgumer (17). Hy hie sneontenacht spul hân yn in hoarekagelegenheid yn Noardburgum. Hy wie slein en net goed wurden. De plysje fûn him bûten op in muorke mei syn maten om him hinne. Ambulânsepersoniel hat him dêr ûndersocht, mar fûn opname net nedich. Hy is mei syn maten nei hûs gien.

In pear oeren letter is de jonge yn slim kritike tastân mei haast nei it sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)