Mishanneling bern yn Snits

31 jul 2006 - 17:06

Op it Martiniplein yn Snits binne sneontejûn twa bern fan 13 jier út Drylts mishannele. Om healwei tsienen kochten de twa in ijsko. Dêrnei binne se lestichfallen en skopt troch twa ûnbekende jongens en in famke.

De fertochten binne ûngefear 14 jier âld en praten mei in Snitsers aksint. De jongens hiene stikelich hier, it famke krullen. De plysje siket nei tsjûgen fan de mishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)