Mishanneler homo's langer fêst

02 jul 2013 - 11:05
  • Homo's mishannele op stasjon Snits

In 19-jierrige frou dy't fertocht wurdt fan it mishanneljen fan twa homo's op it treinstasjon fan Snits, moat langer fêstsitten bliuwe. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tiisdei bepaald. De advokaat fan Elena S. frege de rjochtbank om har frij te litten yn ôfwachting fan it proses. Neist de mishanneling fan de homo's, soe de fertochte tegearre mei in freondinne ek twa froulju ynelkoar slein ha. Dizze slachtoffers hiene gjin relaasje mei elkoar. Beide mishannelingen fûnen yn maart plak.

De freondinne fan Elena S. is earder troch de rjochtbank wól frij litten oant it proses begjint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)