Mishanneler Easterwâlde oppakt

16 nov 2010 - 09:58

In 20-jierrige man út Easterwâlde is snein yn syn wenplak oanhâlden fanwege mishanneling en fernielerij. De man hie yn in hûs oan 'e Vossehaer spul krigen. Hy naam mei geweld in frou mei nei bûten ta en smiet ek stiennen troch de ruten fan it hûs. Dêrtroch ûntstie in soad skea.

De plysje wie der gau by en hat de man meinaam nei it buro. Dêr hat er in nacht fêstsitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)