Mishannele man is tosken kwyt

29 jan 2012 - 14:09

In man (20) út Oentsjerk rekke sneontenacht swier ferwûne yn Ljouwert. Hy wie sûnder oanlieding oanfallen en ynelkoar slein. Dêrby is er in pear tosken kwytrekke dy't fierder wer fûn binne. By guon siet de woartel der noch oan. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. Tsjûgen koene in sinjalemint jaan fan de mooglike dieders. De plysje koe har oppakke doe't se krekt in taksy ynstappe soene oan de Harnzerstrjitwei. It giet om trije Bitgumers (19 en 16) en in Stienzer (17).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)