Mishannele man is ferstoarn

12 sep 2001 - 00:00

De 45-jierrige ynwenner út Sint Anne dy't sûnt moandei slim ferwûne yn it sikehûs lei, is tiisdeitejûn stoarn. Hy wie skopt, slein en mei in mes stutsen.

In 42-jierrige fertochte út Wier is moandei oanhâlden. Hy wurdt tongersdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. De oanklacht is besykjen ta deaslach. Neffens de plysje leit de motivaasje yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)