Misferstân kapje popelieren

12 aug 2010 - 12:27

It kappe fan goed 215 popelieren by de N31 tusken Goutum en de rotonde fan de Newtonleane by Ljouwert is woansdeitenacht net trochgien. Dat kaam troch in misferstân tusken de gemeente en Rykswettersteat oer it tal beammen dat fuorthelle wurde moat.

De gemeente Ljouwert en Rykswettersteat binne noch hieltyd yn petear oer hoefolle beammen der krekt om moatte. Dêrom giet it wurk tongersdeitenacht ek net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)