Misferstân frijwilligerfeest

18 apr 2008 - 12:06

Der wurdt yn Frjentsjer net in apart slotfeest organisearre foar de 600 frijwilligers, dy't op Keninginnedei in mozayk foarmje sille op it Sjûkelân. It mozayk sil it dekôr foarmje by it liet dat Nynke Laverman sjonge sil foar Keninginne Beatrix.

Teater De Koornbeurs kundige earder dizze wike oan dat der foar dizze frijwilligers in slotfeest komme soe. Dat wie lykwols in misferstân, sa lit de gemeente Frjentsjerteradiel witte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)