Misbrûkfertochten net ferfolge

13 okt 2005 - 12:37

De fjouwer jonges út de Ljouwerter wyk Camminghaburen dy't fertocht waarden fan seksueel misbrûk fan lytse bern, wurde net ferfolge. Dat hat it iepenbier ministearje besletten.

It kin net bewiisd wurde dat de jonges (10 oant 13 jier) sân bern (3 oant 8) misbrûkt ha. Har ferklearrings wike te bot fan elkoar en fan de oanjefte ôf om de fertochten te ferfolgjen. Boppedat binne twa fan de fjouwer fertochten te jong foar ferfolging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)