Misbrûk net op fuotbalklup

06 okt 2011 - 07:21

By de Harnzer fuotbalklup VV Harlingen is skrokken reageard op it nijs dat in assistint-trainer fertocht wurdt fan ûntucht mei bern. Ferromming is der wol oer it feit dat it misbrûk by de fertochte thús plakfûn hat en net op it sportpark fan de fuotbalklup.

De 27-jierrige fertochte is ein septimber oanhâlden. Justysje fertinkt him fan it meitsjen fan film- en fotomateriaal wêrby't rom 30 bern tusken 11 en 16 jier hannelings by him ferrjochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)