Miranda Scheffer pakt mei Yolanda Monroe it dûbelspul

15 nov 2015 - 20:17
  • Scheffer en Monroe

Wat yn it inkelspul net slagge foar Miranda Scheffer út Menaam slagge wol mei it dûbelspul op de tredde edysje fan it iepen NK muorrekeatsen yn sporthal de Trije te Frjentsjer. Mei de Amerikaanse Yolanda Monroe bleaunen se yn de finale it jonge duo Marrit Zeinstra út Peins en Anne Monflis út Penjum de baas mei 21-14 en dêrmei wie de titel binnen.

By de manlju wûnen Tony Roberts út Amearika en Vincent Pozzebon út België.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)