Minykafee by Hartwert

04 aug 2011 - 19:57
  • Ien fan de inisjatyfnimmers foar it Kleasterpaad, Wilma Elshof

By Hartwert wurdt in nij kuierpaad nei Hidaard iepensteld, mei dêrby in ûnbemand minykafee. It giet om in hokje, dêr't kofje, tee, frisdrank of miskien sels wol iis te keap is. It hokje draait op sinne-enerzjy.

Yn Hartwert is in kommisje foarme dy't jild regelet, by bedriuwen, oerheden en fûnsen. It nije 6 kilometer lange paad wurdt it 'Kleasterpaad' neamd, omdat it troch in gebiet giet dêr't eartiids twa kleasters wiene. Der komme ynformaasjebuorden en folders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)