Minút stilte op Oldtimerfestival yn ferbân mei ûngelok

14 maaie 2015 - 11:43

De organisaasje fan it Oldtimerfestival yn Hoarnstersweach hâldt tongersdei in minút stilte yn ferbân mei it tragysk ûngelok woansdeitejûn by Hoarnstersweach. Hjirby kaam in 49-jierrige man út it Grinzer Winsum om it libben en rekke de man syn frou swier ferwûne. De slachtoffers soene tongersdei in besite bringe oan it Oldtimerfestival. It festival giet wol troch, mar der binne oant no ta wol minder minsken. Op ynternet en de sosjale media wurdt sein dat it Oldtimerfestival net troch giet, mar dat is dus net gefal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)