Minút stilte foar kuorbaljen

23 maaie 2014 - 14:16
  • Dug-out yn Twizel ynstoart

Alle kuorbalteams yn Fryslân is frege sneon in minút stilte yn acht te nimmen. De oprop komt fan it KNKV, it Koninklijk Nederlands Korfbal Verbond, nei oanlieding fan it deadlik ûngelok fan woansdei yn Twizel.

Alle standertteams is fersocht om foar de wedstriid in minút stil te wêzen. Alle oare teams binne frij om op in passende manier by it ûngelok stil te stean, sa skriuwt it KNKV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)