'Minsklike maat Fryske Marren'

02 jan 2014 - 20:32
  • Boargemaster Aalberts mei it amtsketting fan Skarsterlân

It belangrykste yn de nije gemeente De Fryske Marren wurdt net oft de namme Frysk wurdt of net, mar oft de bewenners maklik by de gemeente terjochte kinne mei har fragen. Dat sei de nije boargemaster Arie Aalberts tiisdei yn syn nijjierstaspraak. Hy fynt dat der yn it bestjoer en de polityk mear omtinken wêze moat foar de minsklike kant.

It giet neffens him op 't heden tefolle oer tafersjoch, regels, jild, boetes, tekoarten en hânhavening. Aalberts fynt dat de basisbetingsten foar de nije gemeente goed binne.

"Het ligt niet aan de omgeving, die is prachtig, mooie meren, strakke polders, de zandruggen met hun bossen, het IJsselmeer. De ontsluiting met een aantal rijkswegen door het gebied is prima. Nee, het zijn de mensen die het verschil maken in hoe het huis ervaren wordt. De grote uitdaging voor de nieuwe bewoners.”

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)