Minsken út lift befrijd

29 aug 2011 - 12:32
  • Sjoerd vd Veen foar de stikkene lift

De lift fan appartemintekompleks Oranjestins yn Burgum wie dit wykein mar leafst twa kear stikken. De branwâcht moast der sels oan te pas komme om de minsken derút te heljen.

Mei de lift yn Oranjestins is wol gauris wat. Dat is lestich foar bewenners dy't in lichaamlike beheining hawwe. Dizze kear liket in stroomsteuring de oarsaak te wêzen. De lift springt dan automatysk op befeiliging. In spesjalist hat him moandei wer makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)