Minsken tefreden oer parkearen

11 sep 2009 - 17:26

Hast in kwart fan it winkeljend publyk yn Ljouwert wit net dat se tydlik net parkeare kinne yn de parkeargaraazje op it Saailân. Dat docht bliken út ûndersyk nei de parkearsituaasje yn de stêd. De parkeargaraazje is ticht fanwege de werynrjochting fan it plein.

Minsken dy't meidiene oan it ûndersyk binne oer it algemien wol tefreden oer de parkearmooglikheden yn de stêd. Hast 90 persint fûn plak op de lokaasje dêr't se graach stean woene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)