Minsken te posityf oer sûnens

22 nov 2006 - 13:07

Besikers fan it sûnensburo fan Snits en Nijefurd binne te posityf oer har eigen sûnens. 80% fan alle besikers tinkt dat it wol goed sit.

Nei ûndersyk docht lykwols bliken dat de helte te swier is. Ek hat 10% fan de besikers in ferhege risiko op sûkersykte. It sûnensburo is in projekt fan 'e GGD en Thuiszorg Súdwest Fryslân en is bedoeld foar minsken fan boppe de 20 dy't nijsgjirrich binne nei harren sûnens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)