Minsken oppakt nei festival

06 maaie 2008 - 10:26

De plysje hat de jûns nei it Befrijingsfestival yn Ljouwert inkele minsken oppakt foar mishanneling. By de Aldehou soene twa froulju út Ljouwert mishannele wêze troch twa manlju út Grou. Befeiligingsmeiwurkers hawwe de fertochten oerdroegen oan 'e plysje. Ien fan 'e froulju is mei ferskate ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Letter dy nacht binne noch twa mannen oppakt foar it slaan fan in 17- jierrige jonge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)