Minsken evakuëarre by brân

29 nov 2004 - 15:42

De brânwacht hat sneintejûn fjirtich minsken evakuëarre nei in brân yn in flat yn Ljouwert. Der wie brân útbrutsen yn in flatwente oan de Evenhuisstrjitte. In 23-jierrige bewenster is oanhâlden foar brânstichting. Sy wie wat yn 'e war.

Fjirtich flatbewenners binne opfongen yn it Kealledykje. Guon bewenners hiene problemen mei sykheljen fanwege de reek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)