Minsken dogge faker appel op begelieding fan Humanitas

01 maaie 2015 - 19:31

Humanitas Ljouwert en omkriten hat foarich jier in soad ekstra oanfragen hân foar help by thúsadministraasje en sikehûsbegelieding. Mear minsken komme yn 'e problemen mei de eigen administraasje, benammen soarchrekkens bliuwe lizzen. De sikehûsbegelieding troch frijwilligers ferdûbele.

Frijwilligers fan Humanitas fiele dêrtroch mear druk op 'e skouders. Dat komt neffens Humanitas ek omdat it hieltyd drokker wurdt foar de organisaasje, troch de krisis en om't de oerheid him fierder weromlûkt.

Humanitas ferwachtet de kommende jierren in ferheging yn de personielskosten, om't projektlieders mear wurk hawwe om de groei yn frijwilligers te koördinearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)