Minsken derút by Holvrieka

21 okt 2009 - 11:20
  • Fanwegen de krisis krije 14 minsken dien

By Holvrieka yn Snits ferdwine 14 banen. Dat hat de FNV befestige. By it bedriuw dat rustfrijstielen tanks makket, wurkje sa'n 120 minsken.

In wurdfierder fan it fakbûn seit dat er him wol wat foarstelle kin by de needsaak fan it ûntslach. Der soe te min wurk wêze. Oer de fraach oft der troch it ûntslach ferbettering komt, prate bûnen direksje woansdei fierder. Fan 't simmer krigen ek al fiif minsken dien by Holvrieka Snits, ek as gefolch fan de ekonomyske krisis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)