Minsken binne bliid mei de nachtopfang fan Zienn

05 jan 2016 - 12:09
  • Yn de kantine fan de nachtopfang yn Ljouwert

Der wurdt goed gebrûk makke fan de winterregeling fan nachtopfang Zienn yn Ljouwert. De regeling is trije nachten lang fan krêft op de lokaasjes Snits en Ljouwert. Der hawwe 45 minsken yn de nachtopfang fan Ljouwert sliept de ôfrûne nacht.

No't de temperatuer om it friespunt hinne leit binne der ek de kommende twa nachten ekstra bêden beskikber foar minsken dy't gjin sliepplak hawwe. Yn Ljouwert binne gewoanwei sa'n 40 minsken dy't gebrûk meitsje fan in sliepplak. Der wurdt hieltyd mear in berop dien op de needopfang.

Neffens Peter Damsma fan de nachtopfang is der yn 2015 folle mear gebrûk makke fan de opfang as it jier dêrfoar. Damsma hat it oer in taname fan mar leafst 60%.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)