Minsken achterbleaun op eilân

06 jan 2012 - 06:16

Net alle bewenners fan it eilân De Burd en fan it rekreaasjesintrum Yn de Lijte by Grou binne juster dêrwei gien. Se wiene dêrta wol oproppen, fanwege it hege wetter.

Oan de begjin fan de jûn bruts op De Burd in dyk troch, wêrtroch't it wetter it lân opstrûpte. Ek it terrein fan Yn 'e Lijte kaam ûnder wetter te stean. Op De Burd binne noch 11 minsken. Yn it rekreaasjesintrum binne noch sa'n 40 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)