Minskehannel: mear help nedich

28 maaie 2008 - 13:35

Slachtoffers fan minskehannel moatte mear help krije as se oanjefte dwaan wolle. Alle maatskiplike organisaasjes dy´t te meitsjen ha mei dizze froulju ha dêrom tiisdei de_lapen_gearsmiten.

De slachtoffers krije in tydlike status en finansjele help. Sa wolle alle partijen, fan de plysje en Fier Fryslân oant ynstellingen foar ferstanlike handikapten, mei-inoar besykje om de slachtoffers te stypjen. Doel is ek om de froulju better te helpen mei bewiismateriaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)