Minskebonken yn Ljouwert blike yndie ieuwenâld te wêzen

18 maaie 2015 - 21:45

De minskebonken dy't ferline wike fûn binne by bouwurksumheden yn de Ljouwerter wyk Bilgaard komme yndie út de midsieuwen. Archeolooch Gilles de Langen fan de provinsje Fryslân fermoede dat al. Ut ûndersyk fan de technyske resjerzje docht no bliken dat it ek sa is.

De bonken waarden fûn oan de Fenne, op it plak fan de âlde sporthal dy't sloopt is. Dêr wurdt op it stuit nij boud. In part fan de bou waard stillein nei de fynst. De wurksumheden binne moandei wer úteinset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)