Minnesma wint Aldehoupartij

17 sep 2006 - 18:02

De tradisjonele ôfsluting fan it keatsseizoen, de Aldehoupartij, is in proai wurden foar it partoer fan Simon Minnesma, Tjitte Bonnema en Peter de Boer. Yn de finale fersloegen se Sibbele Lootsma, Erik Haitsma en Taeke Triemstra mei 5-3, 6-6.

Foar Triemstra wie der dochs noch in lyts feestje. Hy waard nammentlik winner fan it LC-klassemint. Dêrmei is hy de bêste keatser fan it ôfrûne jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)