Minnertsgea wol spoarline werom

19 okt 2004 - 17:21

Yn de nije 'yntegrale doarpsfyzje' fan Minnertsgea wurdt praat oer it werom- kommen fan de âlde spoarline. Der sille lykwols gjin treinen wer komme te riden. Doel is om fyts- en kuierpaden oer de spoarrûte oan te lizzen. Ek moat de âlde spoarhistoarje wer werom te finen wêze yn de bebouwing yn it doarp.

It plan komt fan advysburo Sinnema. Dat makket de doarpsplannen yn opdracht fan Wonen Noordwest-Fryslân. Minnertsgea moat sa oantrekliker makke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)