Minnertsgea wint NK keatsen

06 jun 2006 - 12:38

Minnertsgea hat Pinkstermoandei it NK keatsen foar senioaren wûn. Yn de finale fersloech it partoer fan Chris en Jacob Wassenaar en Klaas Anne Terpstra it partoer Berltsum mei Marten Feenstra, Bauke en Auke van der Graaf mei 5-3 en 6-2.

Minnertsgea fersloech yn de heale finale Makkum, en Berltsum berikte de finale troch yn de heale finale te winnen fan Wytmarsum. Minnertsgea wie yn 2005 ek al it winnende partoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)