Minnertsgea wint de Bûnspartij

09 jun 2014 - 18:52
  • De partoeren fan Minnertsgea en Bitgum yn de finale fan de 113e Bûnspartij

Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra fan Minnertsgea hawwe pinkstermoandei de 113e edysje fan de Bûnspartij yn Frjentsjer op harren namme skreaun. Yn in spannende finale wie it trijetal mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Johan van der Meulen, Cornelis Terpstra en Tjisse Steenstra fan Bitgum.

De lytse preemje wie foar Seisbierrum/Pitersbierrum mei Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Pieter van der Schoot, dy't yn de heale finale mei 5-1 en 6-6 ûnderút gongen tsjin Van der Meulen en-dy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)