Minnema hâldt op by Fryske Gea

22 jun 2007 - 14:21
  • Nico Minnema

Nico Minnema hâldt op as distriktshaad by it Fryske Gea. Hy hat in mieningsferskil mei direkteur Hosper oer de organisaasje fan it Fryske Gea. Neffens Minnema is it 'Gea' tefolle dwaande mei 'de bûtenkant'. Minnema is haad fan de distrikten Midden en Noard.

It is de bedoeling dat Minnema in eigen bedriuw begjint en as selstannich ûndernimmer noch wol wurk dwaan sil foar de natuerorganisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)