Minne winter foar leanbedriuw

04 mrt 2014 - 12:37
  • Anne Hoekstra leanbedriuw Hoekstra Eastersee

Leanbedriuwen belibje dit jier in minne winter. Troch it útbliuwen fan snie en iis binne se ynkomsten misrûn. Dêr't leanbedriuwen yn oare jierren soms wiken achterelkoar skoden en struiden, hawwe se fan 't winter mar in pear kear op 'en paad west. Se misse dêrtroch soms wol tsientûzenen euro's oan ynkomsten.

Anne Hoekstra fan leanbedriuw Hoekstra út Eastersee hat fan 't winter bygelyks in 25.000 euro minder omset as ferline winter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)