Minne waar soarget foar stoarmskea

05 maaie 2015 - 17:31
  • De sydgevel driget los te litten
  • De brânwacht hat de gevel fêstsetten
  • In spandoek soarge foar skea oan de Bonifatiustsjerke yn Dokkum

De swiere buien fan tiisdeitemiddei hawwe hjir en dêr dochs foar skea soarge. Sa rekke de toer fan de Bonifatiustsjerke yn Dokkum skansearre troch in loswaaid spandoek. De losse staaf sloech sa faak tsjin de toer dat der stiennen losrekken.

Yn Surch rekke de sydgevel fan in gebou oan de Fabryksstrjitte los. De gevel swaaide gefaarlik hinne en wer. De brânwacht wist de gevel op tiid fêst te setten. Ek yn Noardwâlde moasten de helptsjinsten útrukke foar stoarmskea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)