Minne tiden sike-omroppen

26 des 2012 - 17:02

It giet min mei de Fryske sike-omroppen. Se kinne net meidwaan mei de nije digitale technyk, hawwe te lijen fan minder harkers en in tekoart oan jild. Fryslân hat op it stuit noch njoggen omroppen, yn sikehuzen en fersoargingshuzen. De omrop fan soarchgroep Noorderbreedte yn Ljouwert is fan doel takom jier flink te snijen yn it tal radioprogramma's. Allinnich programma's dy't dúdlik oars binne as bygelyks Radio 2 of Omrop Fryslân bliuwe bestean, ta fertriet fan in part fan de meiwurkers.

Yn Frjentsjer hâldt de húsomrop yn fersoargingshûs Saksenoord hielendal op. Foarsitter De Zeeuw fan it Fryske ferbân fan sike-omroppen tinkt dat der de kommende jierren noch mear omroppen twongen wurde om op te hâlden. De trend is dat minsken langer thús wenjen bliuwe en earder ûntslein wurde út it sikehûs. De potinsjele harkers fan de omroppen binne faak te siik of te âld om belangstelling te hawwen foar de programma's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)