Minne tiden foar de sjarterfloat

20 feb 2015 - 06:25
  • De Zeester mei eigener Christiaan Huisman

It giet net bêst mei de sjarterfloat. De skippers op de grutte sylboaten soene eins 30 prosint mear fertsjinje moatte. Skippers wurde boppedat hieltyd âlder. Se bliuwe farren, om't se gjin jild ha om mei pensjoen te gean. Dat blykt út ûndersyk fan âld-sjarterskipper Peter Fokkens.

Skippers ha hieltyd mear kosten wylst se minder fertsjinje. Om't de skippers op harren skip wenje, komt it eins net foar dat se fallyt geane. Om oerlibje te kinnen, moatte se neffens Fokkens ek oare saken oanbiede, lykas troufeesten en oernachtings oan board.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)