Minne tiden foar ballonfarders

16 jul 2006 - 16:22

Ballonfarders hawwe oant no ta in striemin seizoen. Benammen yn 'e moanne maaie waard kwalik flein. Dat kom troch de eastewyn. Meastentiids giet dy jûns wol lizzen, mar dat is no net it gefal. Dêrom is te gefaarlik om minsken mei de loft yn te nimmen.

De ballonfarders hawwe al in soad fluchten ôfsizze moatten. Ferline jier wiene der deselde problemen. Doe koe it seizoen noch goedmakke wurde yn 'e moannen augustus en septimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)