Minne stikken seedyk krije behanneling mei lym

08 mrt 2016 - 22:19
  • Elastocoast limet de stiennen en jout in beskermlaach
  • De ynformaasjejûn oer de fersteviging fan de seedyk

In nij ûnderdiel fan it heechwetterbeskermingsprogramma fan it ryk giet ynkoarten los. In stik seedyk oan de noardkust fan Fryslân wurdt troch Wetterskip Fryslân reparearre. Op de stiennen komt in soarte fan lymlaach. It is foar it earst dat der op grutte skaal mei dit elastocoast wurke wurdt.

By Swarte Haan wie tiisdei in ynformaasjegearkomste oer de wurksumheden dy't yn april los gean. Omwenners koene dêr terjochte foar allersoarte fan fragen, dy't ûnder oare giene oer de oerlêst.

Der wurdt fan alles oan dien om de oerlêst sa beheind mooglik te hâlden. Yn trochsneed twa oant trije frachtweinen sille der ride yn 'e oere. Dy komme net troch de beboude kom. Op de ynformaasjegearkomste kamen tweintich belangstellenden ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)