Minne start Pieter-Jan Postma

31 aug 2010 - 15:47

Siler Pieter-Jan Postma is net goed begûn oan it WK silen yn de Finn-klasse. Yn de earste race waard hy 29ste en yn de twadde race einige hy as 18e. Troch dizze resultaten stiet Postma op it 21e plak yn it klassemint.

Dat klassemint wurdt oanfierd troch de Spanjaard Rafael Trujillo, folge troch de Amerikaan Zach Railey. De Ingelsman Giles Scott stiet tredde. It WK Finn wurdt syld yn San Fransisco en duorret noch oant en mei sneon 4 septimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)