Minne start Jong Hearrenfean

24 jan 2012 - 21:22
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Jong Hearrenfean/Emmen hat de earste wedstriid nei de winterstop mei 3-2 ferlern fan Jong NEC/FC Oss. De ploech út Nijmegen en Oss, mei nul punten stiif ûnderoan, naam yn de earste helte in 2-0 foarsprong troch doelpunten fan Stef Nijland en Melvin Platje. Nei it skoft spile de thúsploech in bytsje better en kaam troch Faysal Shayesteh en Arsenio Valpoort (pennel) op 2-2. Yn de ekstra tiid krige Shayesteh in reade kaart en skeat Stef Nijland de takende frije traap moai tsjin de touwen.

Jong Hearrenfean/Emmen stiet no op it achtste plak yn de beloftekompetysje mei 21 punten út 14 wedstriden. Jong FC Twente is koprinner mei 33 út 14.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)