Minne start attraksjeparken

30 mrt 2013 - 08:30
  • Natuermuseum

Fryske attraksjeparken hawwe in strieminne start fan it nije seizoen. Troch de kjeld bliuwe net allinnich de besikers fuort, de attraksjes dy't wat mei wetter dogge, kinne net brûkt wurde. Sybrandy's Speelpark yn Aldemardum hat sels besletten hielendal ticht te bliuwen mei de peaskedagen. De iepening is útsteld nei sneon 6 april.

Problemen binne der ek foar Sanjesfertier en SanjesZoo yn De Westereen. De boarters- en bistetún kinne wol iepen, mar it skjinmeitsjen fan de tastellen wie problematysk troch de froast.

Duinen Zathe yn Appelskea kin wol iepen, mar hâldt rekken mei in tige leech besikersoantal. Troch de ekonomyske sitewaasje, leit it oantal besikers by de Fryske attraksjeparken de lêste tiid dochs al wat leger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)